'Skuld net by Islamiten sykje'

12 sep 2001 - 00:00

Imam Onlü fan Ljouwert is benaud dat de publike opiny him rjochtet tsjin de Islamityske wrâld nei de oanslaggen. De imam fynt it ûnreedlik dat de skuld yn de Islamityske wrâld socht wurdt.

De reaksjes fan de Palestijnen op de terreur neamt de geastlike lieder fan de Turkse moskee lytsbernich. Salang't de oanslaggen net opeaske binne, kin noch neat sein wurde oer de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)