Deaden en oerlibjenden yn NY

12 sep 2001 - 00:00

De boargemaster fan New York hat woansdei de earste balâns opmakke fan de oanslach op de tuorren fan it World Trade Centre. Der binne 41 deaden burgen. Der wurde mear as 200 brânwachtminsken en goed 250 plysjes fermist.

Rêdingswurkers ha sân minsken út it pún rêde kinnen woansdeitemoarn. Oare oerlibjenden ha mei de mobile telefoan kontakt socht mei de bûtenwrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)