Maxima net nei Drinte & Grinslân
Kroanprins Willem-Alexander en syn ferloofde Maxima geane dizze wike net nei Drinte en Grinslân. De besites binne útsteld fanwege de oanslaggen yn Amearika.
It ferloofde stel soe woansdei in besite bringe oan Drinte en tongersdei oan Grinslân. De besites binne no net passend, fynt premier Kok. De kâns is grut dat de besite oan Fryslân ek opskoot.