Help foar slachtoffers

11 sep 2001 - 00:00

Yn Amsterdam is tiisdeitejûn in opfangsintrum iepene foar slachtoffers fan de Bijlmerramp. De bylden fan de oanslaggen yn Amearika kinne psychysk lijen feroarsaakje by minsken dy't de fleantúchramp op 4 oktober 1992 meimakke ha.

It Rampen Identificatie Team (RIT) hat it ministearje fan Bûtenlânske Saken syn tsjinsten oanbean. It RIT waard ûnder mear ynset by de ramp yn Enschede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)