Noch gjin beslút oer fjoerwurk

11 sep 2001 - 00:00

De gemeente Ljouwert rint in soad jild mis, omdat der noch hieltyd gjin beslút naam is oer de nije regels foar de opslach fan fjoerwurk. Minister Pronk kaam begjin dit jier mei in konseptbeslút.

Ljouwert hat doe de grûnútjefte oan twa fjoerwurkbedriuwen stillein. Hjirtroch hat de gemeente tonnen skea oprûn. It wachtsjen is op it definitive beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)