Toskedokters nimme wer pasjinten

11 sep 2001 - 00:00

Toskedokters en fersekerders hawwe de problemen fan 'e praktykkosten oplost. Dy binne de lêste jierren sa heech wurden dat der in pasjintestop ynfierd is. It regear wol gjin ekstra jild op it kleed lizze.

Der leit no in kompromisfoarstel fan 'e toskedokters en de soarchfersekerders. Dat útstel giet no nei minister Borst. As dy it goedkart, is it probleem oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)