Terpen yn bûtendyks lân
It Fryske Gea wol terpen oanlizze yn it bûtendyks fjild by Ferwert. Neffens direkteur Hosper moatte de terpen tsjinje as flechtplak foar bisten en minsken as it gebiet ûnder wetter strûpt.
It bûtendykslân stiet op it stuit troch de noardwestewyn ek ûnder wetter. It projekt foar basisskoallen yn it gebiet giet dan foarearst ek net troch.