Sjarme-offensyf fan Ad Melkert

© Omrop Fryslân
'Kroanprins' Ad Melkert fan 'e PvdA wie moandei yn Fryslân op wurkbesite. Melkert besocht op it Hearrenfean de 'brede' basisskoalle de Ynlaet. Letter prate er mei it Fryske PvdA-gewest.
Melkert leit alle wiken besites ôf oan de 'bûtengewesten', 'want Nederland is meer dan het westen, maar dat wist ik al'. De besites hawwe it measte wei fan in foarskot op de kampanje fan 2002.