Fries yn lieding Lytse Taleburo

10 sep 2001 - 00:00

It Europeesk Buro foar Lytse Talen yn Brussel hat de Fries Jelle Bakker beneamd ta burohaad. Bakker is ôfkomstich fan Bakkefean. Hy wurke earder yn it Europeesk Parlemint as meiwurker fan CDA-Europarlemintariër Oostlander(CDA).

Bakker is net it earste Fryske burohaad fan it Lytse Taleburo. De funksje waard earder in jiermannich beklaaid troch Auke van der Goot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)