Museum wol brúnfisk opsette

© Omrop Fryslân
It Dokkumer Natuermuseum besiket jild by-inoar de krijen foar it opsetten fan in brúnfisk. Brúnfisken komme amper noch foar yn 'e Waadsee. Ferline wike spielde ien oan op it Skoar, by Ternaard.
It giet om in mantsje fan oardel meter lang. Nei alle gedachten is it dier ferstoarn oan in ynfeksje. It opsetten kostet 3000 gûne.