Amels bout 160 meter lang jacht
Jachtwerf Amels yn Makkum stiet op it punt de grutste oarder ea yn te heljen. It giet om in jacht fan 160 meter lang. Wa't de opdrachtjouwer is, wol Amels net bekendmeitsje
As de bou trochgiet, hat de skipswerf genôch wurk oan it jier 2005 ta. Der wurde op 't heden in protte lúkse jachten boud. De Nederlânske werven profitearje dêrfan, sa seit Amels.