NOM stekt miljoenen yn webbouwer

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM) stekt in pear miljoen gûne yn it Grinzer ynternetbedriuw 'The Missing Link Company'. It Grinzer bedriuw mei santich meiwurkers makke ferline jier in winst fan 2 miljoen gûne.
The Missing Link Company makket websiden en ynternetapplikaasjes. It bedriuw wurket ûnder oaren foar de KPN en foar bedriuwen yn Dútslân.