Winst foar Dijkstra en dy

09 sep 2001 - 00:00

It partoer fan Johannes Dijkstra, Sake Porte en Auke van der Graaf hat snein it haadklasse keatsen yn Marsum wûn. Yn de finale fersloegen se Van Tuinen, Wassenaar en Kuipers mei 5-3, 6-4.

Van Tuinen en dy slaggen der dus net yn tsien oerwinnings te boeken dit seizoen. Se bliuwe stean op njoggen. Opfallend is dat it partoer nei de PC gjin frije formaasje wedstriid wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)