AZC Frjentsjer offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
It AZC yn Frjentsjer is sneon offisjeel iepene troch kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels. Tsjientallen bern hawwe ballons mei kaartsjes der oan de loft yn fleane litten.
Neffens Nijpels is Frjentsjer unyk omdat de bewenners fan de stêd gjin beswier makke hawwe oer de komst fan it AZC. Hy hat ek sein dat guon AZC-projekten stipe krije sille fan de provinsje.