Cambuur - ADO Den Haach: 0-0

08 sep 2001 - 00:00

Cambuur hat freed 0-0 gelyk spile tsjin ADO Den Haach. De beide ploegen wiene aardich oan inoar weage. Den Haach krige yn it begjin fan 'e westriid bettere kânsen, mar yn de slotfase hie Cambuur twa riante mooglikheden.

It slagge Dirk Jan Derksen lykwols net om te skoaren foar Cambuur. Gert Kruys hie mei it each op it ferrin fan de wedstriid frede mei it gelykspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)