VDM nei Bouwexpo yn Almere

08 sep 2001 - 00:00

Boubedriuw VDM Planontwikkeling fan Drachten bout as ienichst Frysk bedriuw 25 hûzen op de Bouwexpo yn Almere. It giet om in nij type wente, dy't foar in grut part op oanwizing fan de bewenners sels feroare wurde kin.

De 25 wenten binne yn hast 8 moanne boud. VDM wie dêrmei de earste dy't de wenten klear hie op de Bouwexpo. De Bouwexpo is fan 13 oant 23 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)