Nettowinst FCDF mei 20% omheech

07 sep 2001 - 00:00

Suvelkonsern Friesland Coberco Dairy Foods hat oer de earste helte fan dit jier in winst fan 85 miljoen gûne makke. Dat is 20% mear as yn deselde perioade fan ferline jier. De sifers fan Nutricia Dairy & Drinks, dat troch FCDF oernommen is, binne net meinommen yn de healjiersifers.

FCDF hat yn de earste helte fan dit jier wol lêst hân fan de tongblierkrisis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)