Sint Nyk wol plattegrûnen

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Sint Nyk is poerlilk op de gemeente Skarsterlân om't der noch hieltyd gjin nije doarpsplattegrûnen mei ynformaasjebuorden binne. De gemeente hie dat al in heal jier lyn tasein. De plattegrûn dy't it meast brûkt wurdt, is ferâldere en in oar boerd is fuort.
PB Sint Nyk kin der net oer út dat Skarsterbrêge en Jiskenhuzen wol nije plattegrûnen krigen ha.