A7-regio wol mear romte
De provinsje moat de A7-regio ek yn de takomst romte jaan by it ûntwikkeljen fan bedriuweterreinen en wenningbou. Dat fynt boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean.
De wurkgelegenheid yn de gemeente Hearrenfean is tusken 1998 en 2000 mei mear as 1500 banen tanommen. Dat is in groei fan mear as 10 prosint wylst it provinsjaal om rûchwei 5 prosint giet.