Elektroanysk detinsjehûs

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert komt in saneamd elektroanysk detinsjehûs. Dêr komme finzenen yn dy't noch in pear dagen straf útsitte moatte. Se komme ûnder elektroanysk tafersjoch te stean.
Op dy wize komme der yn de gewoane finzenissen sellen frij foar nije detinearren. It giet earst om in eksperiment. Njonken Ljouwert dogge ek de detinsjehuzen yn Veenhuzen en Breda mei.