Eksportprogramma is in súkses

05 sep 2001 - 00:00

It noardlik eksportprogramma World Wide Commerce is in grut súkses. It projekt bestiet no in heal jier en der hawwe har oant no ta 120 Fryske bedriuwen foar oanmelden.

It programma is in inisjatyf fan de noardlike Keamers fan Keaphannel, CdK Ed Nijpels en steatssekretaris Ybema fan Ekonomyske Saken. Troch nije media wurde sakekontakten yn it bûtenlân lein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)