Oername Welgelegen hast wis

05 sep 2001 - 00:00

Frisian Shipyard yn Harns wurdt nei alle gedachten dochs oernommen troch Bodewes yn Foxhol. Oandielhâlder Bylsma fan Warten en De Lemmer stimt dêryn ta.

De NOM wie al earder foar in oername troch Bodewes. De ûnderhannelings sieten lykwols fêst omdat de tredde oandielhâlder Van der Schoot in oare opsje hie. No't Bylsma akkoart giet, is de kâns grut dat de oername trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)