It giet goed mei Achmea

04 sep 2001 - 00:00

Bank- en fersekeringsbedriuw Achmea, it memmebedriuw fan ûnder oaren de FBTO, hat in goed healjier achter de rêch. De nettowinst is ferdûbele, nei mear as in miljard gûne.

Achmea moast it benammen ha fan de fersekeringstakke, de bankpoat bleau flink achter. De groei by de fersekeringen siet him foaral yn de ôfsluting fan pensioenen en libbensfersekeringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)