Privatisearring Schatzenburg

© Omrop Fryslân
De gemeente Menameradiel hat lang om let twa keapers fûn foar sport- en rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam. It giet om in man út Den Haach en ien út Kapellen. As de ried ynstimt mei de ferkeap, wurdt Schatzenburg mei yngong fan 2002 privatisearre.
De gemeente wol it ferliesjaande kompleks al langer kwyt. De publike funksje fan swimbad en sporthal bliuwt.