Winst foar Heida en Minnesma

© Omrop Fryslân
De froulju-haadklassepartij fan sneon yn Winsum waard wûn troch Marie Heida, Debora Oosterman en Afke Hylkema. Hja fersloegen Gejanne Buma, Doete de Groot en Bianca van der Veen.
De frijeformaasjepartij yn Peinjum gie snein nei Simon Minnesma, Henk Vlietstra en Douwe Groenendijk. Yn 'e finale wûnen se fan Johannes Dijkstra, Sake Porte en Auke van der Graaf.