Drylts earet Bouke Haringa

02 sep 2001 - 00:00

Op it gemeentehûs fan Wymbritseradiel wurdt woansdei in boek oer de keunstner Bouke Haringa (1914-1958) presintearre. De Dryltser tekene, skildere en wie ien fan de lêste koperbewurkers fan Fryslân.

De trije bern fan Haringa krije it earste eksimplaar. Dêrnei iepenet boargemaster Reitsma in útstalling oer de keunstner. Der is ûnder oare in soad nijsgjirrich koperwurk te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)