Fytser rydt bern mei sin oan
In ynwennerke (6) fan de asylopfang yn Tsjummearum is sneon twa kear oanriden. Mei syn mem kuiere er by de Buorren doe't in racefytser him ynienen rekke. It bern hie in gat yn 'e holle
De mem rôp dat de fytser hohâlde moast. Dy die dat, kaam werom en ried it jonkje nochris oan. De fytser is sawat 17 jier, hie in grize broek en in blau t-shirt oan.