Hearewâl 'iepen monumint'

© Omrop Fryslân
Museum Willem van Haren set yn it ramt fan 'e Iepen Monumintedei de Hearewâl op It Hearrenfean yn it sintsje. Takom wykein binne der ferskate aktiviteiten.
It is 450 jier ferlyn dat de Skoatterlânske Feankompanjy oprjochte waard. De oprjochtingsakte is yn feite de berteakte foar It Hearrenfean. De Hearewâl is it âldste part fan it plak. Der komt in boek út oer de skiednis fan de feart.