Undersyk nei moard wer iepene

© Omrop Fryslân
It ûndersyk nei de moard op de Ljouwerter Roelof Steinvoorte is op 'e nij iepene. DNA-spoaren dy't eartiids fûn binne, wurde wer ûndersocht.
Steinvoorte waard begjin 1993 fermoarde yn syn hûs. In motyf is nea dúdlik wurden, de dieder bleau spoarleas. Om't de DNA-techniken no fierder binne as doe, wurdt in hier dy't fûn is op it slachtoffer nochris besjoen.