Skeel oer fytstunnel Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean en Rykswettersteat ha skeel oer de fytstunnel yn de Ferlingde Rottumerwei op It Hearrenfean. De tunnel waard ferline jier troch Rykswettersteat yn opdracht fan de gemeente oanlein.
Der ûntstiene lykwols problemen mei de wetterôffier. Oplossing fan it probleem kostet jild en men is der noch net oer út wa't dat betelje moat.