Fûgelfreonlike dakpannen

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerksteradiel biedt op it stuit foar in leech pryske spesjale fûgeldakpannen oan oan de ynwenners fan de gemeente. De dakpannen biede mosken en toerswellen gelegenheid om der ûnder te nesteljen.
De gemeente Tytsjerksteradiel fynt dat de fûgels by de omkriten hearre en dat dat ek sa bliuwe moat. Fûgels kinne net ûnder 'gewoane', platte dakpannen komme.