'Tsjerke foar tsjerklik houlik'
Der meie gjin boargerlike houliken sletten wurde yn de tsjerke fan Jobbegea. Dat fynt it gemeentebestjoer fan Hearrenfean. Boargemaster en wethâlders fine dat it boargerlik houlik skieden wêze moat fan it tsjerklik houlik.
It sluten fan in boargerlik houlik yn in tsjerke mei neffens B&W gjin kompensaasje wurde foar it net trouwen foar de tsjerke.