Falsk Dútsk jild yn omrin

© Omrop Fryslân
By bankfilialen yn Wolvegea en Koudum ha twa manlju besocht om falsk jild te wikseljen. By in bank oan de Van Harenstrjitte yn Wolvegea woe in man in biljet fan tûzen Mark ynwikselje. Letter op 'e middei barde itselde by in bank oan de Bovenweg yn Koudum. Op it momint dat de bankmeiwurker besjen woe of it wol om echt jild gong, ferdwûn de dieder. De mannen prate Ingelsk en Dútsk