PvdA wol terrassen langer iepen

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de PvdA yn Dongeradiel wol dat de terrassen langer iepen bliuwe. Op it stuit slute de terrassen om 11.00 oere jûns. Neffens de partij liedt soks ta teloarstelling en lilkens by de gasten, mar ek by de hoareka.
Yn de stêd Dokkum is in slutingstiid fan 11 oere net mear fan dizze tiid, skriuwt de partij. De PvdA trunet by it kolleezje oan op rommere slutingstiden.