Fúzje fan sinneskermbedriuwen

28 aug 2001 - 00:00

Twa bedriuwen dy't sinneskermen meitsje smite de lapen gear. De Haan út Stroobos en Westerhof út Grins krije mei elkoar 80 wurknimmers en in omset fan 23 miljoen gûne. It haadkantoar komt yn Drachten, dêr't De Haan dwaande is in nije fabryk en in showroom te bouwen. De nije ûndernimming sil ien fan de grutste bedriuwen op it mêd fan sinneskermen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)