Swimme kin wer yn Griene Stjer
Yn it wetter yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert kin wer fertroud swommen wurde. Ferline wike joech de provinsje in negatyf swimadvys, omdat der blau-alch yn it wetter fûn wie.
Swimme yn wetter dêr't blau-alch yn sit, kin skealik wêze foar de sûnens. Omdat it de lêste dagen wat frisser is, is de blau-alch wer ferdwûn. Dy alch ûntwikkelt him hiel gau mei waarm waar.