Bou skiphûs Grou giet troch

28 aug 2001 - 00:00

De bou fan it grutste skiphûs fan Fryslân yn Grou kin trochgean. De gemeente Boarnsterhim sil in brede strook beammen om it skiphus delsette. Dêrmei komt de gemeente temjitte oan beswieren.

Omwenjenden makken beswier tsjin it útsicht op de 300 meter lange en seis meter hege gevel fan it skiphûs. De rjochter skorte de boufergunning earder op, dêrtroch drige in boustop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)