Gerdine-atelier nei Dokkum

27 aug 2001 - 00:00

Gjin Maxima, mar wol in nij grut bedriuw foar Dokkum. It gerdine-atelier Content út Wormerveer iepent in fêstiging yn de stêd. Yn oktober kinne de earste minsken oan de slach. Op termyn is der plak foar 80 wurknimmers.

It bedriuw hat foar Dokkum keazen om't der yn dy regio reedlik maklik personeel te finen is. Ek wie der romte yn in nij bedriuwssammelgebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)