Ekologysk barmbehear yn Snits

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits is tefreden oer it ekologysk barmbehear. Sûnt 1998 besiket de plantsoenetsjinst in ryk ferskaat oan blommen te krijen. Gers út it Lauwersmargebiet wurdt oer de barms ferspraat.
It blommesied falt goed yn 'e Snitser ierde. In hûnderttal orgideëen en de seldsume parnassia binne der al sjoen. De gemeente wol no it blomrike gers ek oer oare stedswiken útride.