Winst foar Cambuur
Cambuur hat sneontejûn mei 2-0 fan Helmond Sport wûn. Foar de Ljouwerters makken Derksen en Bruin de doelpunten yn de útwedstriid. By de Cambuurspilers krigen Ferrier en De Vries beide in giele kaart fan skiedsrjochter Van der Hilst.
De oare wedstriid yn it program fan de earste divyzje, FC Zwolle tsjin Stormvogels/Telstar, waard wûn troch Zwolle.