Partoer Lootsma wint yn Bitgum
By de earste dei fan it Bitgumer keatsen hat sneon it partoer fan Sibbele Lootsma mei Auke van der Graaf en Sake Porte wûn mei 5-1 en 6-2 fan it partoer fan Arie den Breejen, Rutmer van der Meer en Dirk Jan van der Woud.
Der stienen tsien partoeren op de list. It gie om de haadklasse by de manlju dy't op útnoeging keatsten.