Tiedo Tinga is kampioen

25 aug 2001 - 00:00

Tiedo Tinga fan De Lemmer hat sneon de triatlon yn Drachten wûn. By de alfde edysje gie de oare favoryt André Laven, dy't al trije kear earder wûn hie, hieltyd oan kop. Pas op 't lêst helle de Lemster him yn en einige yn 2:00:29.

Tinga hat mei de winst de titel binnen helle fan it Iepen Frysk Kampioenskip. De sporters moasten yn de tropyske waarmte swimme, fytse en drave.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)