Fryslân wint jeu de pelote

© Omrop Fryslân
De Fryske keatsploech is tongersdei yn Minnertsgea Europeesk Kampioen Jeu de pelote wurden. Yn de earste wedstriid wûnen de Friezen mei 6-2 fan Itaalje. Yn de finale waard favoryt Spanje ferrassend mei 9-3 ferslein.
Fryslân waard earder kânsleas fjirde by it muorrekeatsen yn Frjentsjer. It Europeesk Kampioenskip wurdt ôfsletten mei it Europeesk spul yn Bitgum.