Mear Frysk op site Smellingerlân

© Omrop Fryslân
Ynformaasje oer boargersaken - berte, trouwe, ferhúzje ensfh. - stiet no ek yn it Frysk op de website fan 'e gemeente Smellingerlân. It Stipepunt Frysk fan 'e AFUK hat Smellingerlân hjirby holpen.
Smellingerlân is ien fan 'e earste gemeentes fan Fryslân mei in Fryske digitale baly. Smellingerlân leit dêrmei foar op Fryske gemeentes as Tytsjerksteradiel en Littenseradiel.