Arriva wol mear taksys ynsette

23 aug 2001 - 00:00

Streekferfierbedriuw Arriva wol it taksyferfier yn Fryslân útwreidzje. It bedriuw is fan doel dêr de kommende fiif jier flink yn te ynvestearen. It is de bedoeling dat it taksybedriuw opsplitst wurdt yn twa selsstannige bedriuwen.

De haadkantoaren komme yn Ljouwert en Snits. Arriva makke woansdei ek bekend dat it taksyferfier yn Grins ferkocht wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)