Jorwert yn in omsjoch útferkocht

© Omrop Fryslân
Alle kaarten foar it Jorwerter Iepenloftspul 'Utblaasd!' binne woansdei yn oardel oere fuortflein. De kaartferkeap wie yn it call-centre fan 'e NUON. Fia 24 telefoanlijnen waarden yn 90 menuten 8.000 kaarten ferkocht.
Al mei al kinne 10.000 minsken Utblaasd bywenje. Der binne ek spesjale opfierings foar 'freonen en Jorwerters'. De premiêre is op woansdei 29 augustus.