Gemeente helpt De Mande

22 aug 2001 - 00:00

De gemeenteried fan Wymbrits hat tiisdei 40.000 gûne beskikber steld foar doarpshûs De Mande yn Nijlân. Dat rekke yn 'e swierrichheden doe't Aaipop net trochgie fanwege de tongblierkrisis. De Mande rûn dêrtroch 50.000 gûne mis.

Wethâlder De Jong fynt dat in doarpshûs net ôfhinklik wêze moat fan ien evenemint. Hy wol dêrom in ûndersyk nei de finansjele posysje fan De Mande.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)