Fierljeppen yn Grijpskerk
Yn Grijpskerk wûn Olaf van Kammen fan Feanwâlden moandei foar it earst it fierljeppen mei in sprong fan 17.99. Twadde waard Marcel Nijboer fan Twizelerheide en tredde Frysk kampioen Henk Skievink.
By de froulju gong de winst nei Jantina de Vreeze fan Blauhûs mei in sprong fan 14.17. Jildou Postma en Antke van der Wal waarden twadde en tredde.