Maaike Hornstra nei Japan
Maaike Hornstra fan Jellum is moandei ôfset nei Japan. Snein wûn se noch in strjitterin oer 10 kilometer yn De Blesse. Yn Akita yn Japan wurde foar de sechde kear de World Games hâlden. Dizze spullen binne foar de net-olympyske sporten.
Hornstra sil mei twa Nederlânske teams toulûke yn de 480 en de 520 kilogramklasse.