Wymbrits wol kreakpleats slite

© Omrop Fryslân
Wymbritseradiel wol sa gau mooglik fan de kreake pleats yn Wâldsein ôf. Der is gjin stroom en wetter en dat jout kâns op brân. De fersekering hat it kontrakt opsein, mar de gemeente is as eigner wol ferantwurdlik foar de gefolgen.
In projektûntwikkelder wol de grûn brûke foar wentebou en de pleats trochferkeapje. De gemeenteried beslút tiisdei oer de eardere ferkeap.